Plysje: "Unrêstige nacht"

27 okt 2013 - 11:43

De plysje hat sneintenacht 13 minsken oanhâlden yn ferbân mei hoarekageweld. Yn Ljouwert waarden trije minsken oanhâlden. Dêrby wie in man dy't hieltyd op 'e dyk oan it razen wie en dêr net mei ophâlde woe. Op De Jouwer waard in man út Sint Nyk oppakt. Hy hie spul krigen yn in kafee.

Unrêstich wie it ek yn Drachten. Dêr wiene ferskate fjochtpartijen. Ien fan de stappers waard sa bot slein dat dy út de tiid rekke. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. Oare oanhâldingen wiene der yn Boalsert, Kollum en Surhusterfean.

Ek dêr wiene fjochtpartijen

Trefwurden: 
plysje stappers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)