Famke út Stiens wer fûn

De 14-jierrige Dianka Visser út Stiens dat sûnt freedtejûn fermist waard, is wer terjochte. Se is oantroffen op it stasjon fan Ljouwert. It famke wie middeis fan Stiens nei de wyk Bilgaard yn Ljouwert fytst. Dêrnei wie der neat mear fan har heard.
De plysje tocht dat se mooglik mei in Marokkaanske man mei de trein nei Amsterdam gongen wie. Ek soe se sjoen wêze by de McDonald's oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Op sosjale media waarden oproppen pleatst om it famke te finen. Oan de hân dêrfan waard it famke herkend