Boat by Ljouwert útbrând

© Robert-Jan Boonstra
Yn De Grutte Wielen, tusken Ljouwert en Tytsjerk is snein betiid in boat yn flammen opgongen. De brân waard om in oere as seis melden by de brânwacht. Doe't de spuitauto út Gytsjerk oankaam, die bliken dat de boat oan de oare kant fan it wetter lei. Dêrom moasten de blusboaten fan Burgum en Ljouwert ynskeakele wurde. Omdat der mooglik slachtoffers oan board wiene, waard de boat nei de fêste wâl sleept en dêr fierder blust. Nei ûndersyk die bliken dat der gjin minsken oan board west hiene. Ek in sykaksje yn it wetter hat neat opsmiten.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De plysje is noch op syk nei de eigner.