40 plakken 'fiere' de nacht

Op ûngefear 40 plakken plakken yn Fryslân binne yn de nacht fan sneon op snein aktiviteiten hâlden yn it ramt fan de 'Nacht fan de Nacht'. It gong bygelyks om kuiertochten, ekskurzjes of fartochten. De provinsjale start wie sneontejûn yn it natoermuseum yn Ljouwert, mei direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie en wethalder Isabelle Diks fan Ljouwert.
De 'Nacht fan de Nacht' waard hâlden om omtinken te freegjen foar ljochtfersmoaring. Yn 15 gemeenten waard op in oantal plakken de strjitferljochting útskeakele.