Ryptsjerk:earste riders op iis

31 jan 2012 - 09:23

Alhoewol't noch net hielendal fertroud, wurdt der al wer riden op de Ryptsjerksterpolder. De fêste groep reedriders melde him tiisdeitemoarn betiid op it iis. Oan de kant is it iis goed, mar der binne in soad plakken dêr't it wetter noch iepenleit. It is dus noch wol gefaarlik.

Moandei hiene de mannen ek al sjoen, mar doe wie it noch net fertroud.

De earste koartebaanwedstriden op natueriis komme der ek wer oan. Foar no tongersdei stiet op 'e Ulesprong in koartebaanriderij op it programma. Mar woansdeitejûn hat Nijlemmer de primeur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)