Gjin Fryske toppers op 1500
Op de 1500 meter binne de Fryske reedrydmanlju der net yn slagge in top 10 klassearring te pakken. De bêste Fries wie Douwe de Vries mei in tiid fan 1.48,79, goed foar it 11e plak. Sjoerd de Vries waard 12e mei 1.48,93.
De nasjonale titel gong nei Koen Verweij, dy't yn de njoggende rit mei 1.46,22 te sterk wie foar Kjeld Nuis (1.46,94). Nuis pakte it sulver, Rhian Ket moast genoegen nimme mei it brûns (1.46,98).