Harkemase Boys pakt 5e winst

26 okt 2013 - 16:46

Harkemase Boys hat sneon mei 1-0 wûn fan SVZW. Yn Wierden sette Robin Huisman de Jong de Harkiten mei in moaie frije traap yn de 21e minút op foarsprong. Foar it skoft ûntsnapte de ploech fan trainer Willem Brouwer oan de lykmakker.

Nei rêst wie der in grutte kâns foar Klaas Schotanus, mar syn kopbal gong fia de keeper neist. Ek Johnsen Bacuna wie ticht by de 2-0, mar syn skot miste rjochting. Goed keeperswurk fan Maikel Kampjes soarge dat de Harkiten de punten mei nei hûs nimme mochten.

It is de fyfde winst foar Harkemase Boys, dat mei 15 punten út 7 wedstriden op it 3e plak stiet yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)