Drachtster Boys ferspilet sege

26 okt 2013 - 16:27

Drachtster Boys hat sneon op eigen fjild mei 2-2 lykspile tsjin CSV Apeldoorn. De ploech fan Fred de Boer kaam goed út de startblokken. Peter Jansen Klomp sette de Drachtsters mei in prachtige omhaal op 1-0. Nei rêst kamen de Boys op nuvere wize op 2-0, doe't de keeper fan Apeldoorn in weromspylbal miste en de bal kalm yn de goal rôle.

De oanslutingstreffer fan de gasten út Apeldoorn liet lykwols net lang op him wachtsje. Djip yn ekstra tiid foel de Apeldoornse lykmakker en moasten beide ploegen de punten diele.

Drachtster Boys stiet mei 7 punten út 7 wedstriden op it 10e plak yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)