Margot Boer wint earste 500 m

26 okt 2013 - 16:03

De earste 500 meter op it NK ôfstannen is sneon wûn troch Margot Boer fan Goaiïngaryp. Boer klokte in tiid fan 38,54. It twadde plak wie foar Thijsje Oenema fan De Jouwer. De 500 meter kampioene fan de lêste twa jier sette 38,57 op 'e klok. Laurine van Riessen einige as tredde mei 38,61 en wie dêrmei krekt wat rapper as Marrit Leenstra fan Wikel dy't mei 38,89 as fjirde einige.

Nei de 1500 meter foar manlju wurdt de twadde 500 meter foar froulju riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)