Graffity yn A7-tunnel Drachten

26 okt 2013 - 15:36

Yn de Martin Luther Kingsingel yn Drachten wurdt sneon graffitykeunst oanbrocht op de muorren fan de tunnel ûnder de A7 troch. It giet om in projekt fan de stichting Aerosol Art Drachten. De stichting hat 30 graffitikeunstners út it hiele lân útnoege om mei te dwaan. Sy meie hielendal sels witte wat se oanbringe wolle.

De keunstners krije allinnich sneon de tiid om har wurk te dwaan, dêrnei is it ferbean om ôfbyldings oan te bringen. De stichting Aerosol Art besiket alle jierren in nij projekt te finen.

Foar takom jier wurdt noch socht nei in geskikt plak om de graffitykeunstners har wurk dwaan te litten. It wurk fan sneon giet oant njoggen oere jûns troch.

Trefwurden: 
A7 Drachten graffity tunnel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)