Wûst wint 3 km, De Jong brûns

26 okt 2013 - 15:22

Ireen Wüst hat sneon op de twadde dei fan it NK ôfstannen mei oermacht de 3 kilometer op har namme skreaun. Yn in rjochtstreeks duel mei Jorien ter Mors klokte Wüst in tiid fan 4.02,77 en wie dêrmei in klasse apart. It sulver gong nei Ter Mors dy't de tiid stil sette op 4.04.07.

Antoinette de Jong fan Rottum pakte it brûns mei in persoanlike en nasjonaal junioarerekôr fan 4.05.07. Dêrmei wie it 18-jierrige talint har tsjinstanner Yvonne Nauta fan Twellingea krekt te rap ôf. Nauta waard fjirde yn 4.05.83, ek in persoanlik rekôr

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)