Himpkwekerij yn flat oprôle

26 okt 2013 - 15:19

Yn in appartemint op De Anjen yn Ljouwert hat de plysje sneontemoarn in himpkwekerij mei 190 planten fûn. Ien fertochte is oanhâlden. Hy wie op it momint fan de ynfal yn it appartemint.

De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape. De himpplanten en apparatuer binne yn beslach naam en wurde fernietige.

Trefwurden: 
Ljouwert himpkwekerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)