100 jier' De Twee Gebroeders'

26 okt 2013 - 15:17

Op it jubileumfeest fan it skûtsje fan Drachten is sneon in boek presintearre oer de skiednis fan it skûtsje 'De Twee Gebroeders. It skûtsje bestiet dit jier 100 jier.

Yn de float fan 14 skippen dy't meidogge oan de SKS nimt it Drachtster skûtsje in bysûnder plak yn. It hat fan alle skûtsjes de measte wedstriden meidien. It Drachtster skûtsje wûn sels de allerearste SKS wedstriid, mar it kampioenskip is der noch noait mei helle.

It boek, skreaun troch bemanningslid Hattum Hoekstra, giet oer de hichte- en djiptepunten tusken 1913 en dit jier. Ek is in grut oantal foto's opnommen. De stichting Drachtster Skûtsje joech de opdracht foar it boek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)