Boartersguodbank Snits iepen

Op in yndustryterrein oan de Houkesleat yn Snits is sneontemoarn offisjeel de earste boartersguodbank fan Fryslân úteinset. Minsken kinne der boartersguod ynleverje foar âlders dy't gjin boartersguod foar de bern keapje kinne.
Freed waard der al eefkes proefdraaid. Dêr kamen al in soad minsken op ôf en der wie al in soad boartersguod beskikber. De earste klanten wiene der sneontemoarn ek al betiid by. Der stie limonade klear foar de bern.