Manlju betrape op plak brân

© Omrop Fryslân
Trije dronken manlju binne yn de nacht fan freed op sneon oppakt doe't se op it ôfsette plak fan de brân oan de Kelders yn Ljouwert wiene. Ien fan de manlju woe nei de oanhâlding troch de befeiligers net fuortgean en is oerdroegen oan de plysje.
Fanwege ynstoartingsgefaar en it plysje-ûndersyk is it ferbean om by of yn de ôfbaarnde gebouwen oan de Kelders te kommen.