Drachters mei 8 kilo himp pakt

Plysjejas © ANP
In 40-jierrige Drachtster is fan freed op sneon by in alkoholkontrôle fan de plysje yn syn wenplak trappearre mei 8 kilo himp yn de auto. De fertochte hie de drugs yn fjouwer pûden ferstoppe. De Drachtster en syn 38-jierrige passazjier binne oanhâlden.
By de kontrôle binne fierder noch twa bestjoerders betrape dy't mei alkohol op achter it stjoer sieten. Yn Harns waard ek in alkoholrider trappearre. Hy moast syn rydbewiis ynleverje.