Tips oer fermissing Huisman

Der binne 25 tips binnenkaam op de redaksje fan it tillevyzjeprogramma Tros Vermist oer Marretje Huisman. It programma hie freed omtinken foar de ferdwining fan de 59-jierrige dochter fan skilder Jopie Huisman. Se wurdt sûnt begjin oktober fermist. De tips gean benammen oer in meagere, sombere en ferwarde frou.
De measte tips komme út Ljouwert, mar der binne ek reaksjes kaam út oare plakken fan it lân. De plysje hat grutte belangstelling foar de binnenkommen tips, omdat se op dit stuit gjin oanwizings mear ha oer wêr't de frou wêze kin.
Op ferskate plakken is de ôfrûne wiken nei de frou socht, benammen op plakken by it wetter.