Hearrenfean ferliest fan NEC

SC Hearrenfean hat freed mei 2-1 ferlern fan hikkesluter NEC. Yn Nijmegen krige Alfred Finnbogason nei in kertier de earste kâns. De topskoarder skeat de bal lykwols foarlâns. In kopbal fan Kenneth Otigba ekfes letter waard troch de latte keard. Nettsjinsteande de kânsen foar Hearrenfean iepene NEC de skoare yn de 33e minút. Michael Higdon kopte de 1-0 efter keeper Kristoffer Nordfeldt. Fuort nei rêst wreide dyselde Higdon de foarsprong út nei 2-0. Mei noch fiif minuten te gean tekene Hakim Ziyech mei in prachtige frije traap foar de einstân.
It is de earste oerwinning foar NEC, dat mei 5 punten út fiif lykspullen ûnderoan stie. SC Hearrenfean bliuwt troch it ferlies op 15 punten út 10 wedstriden stean.