'Ynset drone fergunningfrij'

De brânwacht moat fergunningfrij drones ynsette kinne by brannen. Dêrfoar pleitet it Fryske CDA-keamerlid Sander de Rouwe. It gebrûk fan de lichte ûnbemanne fleantúchjes mei kamera is sûnt july sûnder fergunning ferbean. Mar de brânwacht wol drones graach ynsette foar ûndersyk by de bestriding fan brannen. Ek by de grutte brân yn Ljouwert koe de brânwacht gjin drone brûke om't se gjin fergunning hie. Dêrfoar waard in bedriuw ynskeakele. De Rouwe wol dat minister Ivo Opstelten gau regelet dat it ferbod net jildt foar helpferlieners.