Smeekens pakt titel op 500 m

Jan Smeekens fan Snits is freed foar de fyfde kear Nederlânsk kampioen wurden op de 500 meter. De sprinter waard op de earste 500 meter twadde efter ploechgenoat Ronald Mulder. De Snitser moast acht hûndertsten goedmeitsje op Mulder. Dat die er yn in rjochtstreeks duel, wêryn't Smeekens in tiid fan 34,92 klokte. Mulder liet de klok stilstean op 35,06. It brûns wie foar wrâldkampioen Michel Mulder. Jesper Hospes einige yn it einklassemint as fjirde en pleatst him dêrmei foar de wrâldbeker.