Hurdrider op A7 rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn it rydbewiis ynnaam fan in 41-jierrige automobilist út Alkmaar. De man helle op de Rûnwei yn Snits mei 120 kilometer op de teller in ûnopfallende plysjeauto yn. Dêr mei net hurder as 80 kilometer yn 'e oere riden wurde. Doe't de man de A7 opried, trape er it gaspedaal noch fierder yn oant goed 210 kilometer. De plysje koe de man net byhâlde.
Doe't er remje moast fanwege drokte op de dyk, krige de hurdrider in stopteken. De Alkmaarder is syn rydbewiis kwyt en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.