Galery: '50.000 euro skea'

25 okt 2013 - 14:05

Galery Ogenblik op De Kelders yn Ljouwert tinkt sa'n 50.000 euro skea te hawwen nei de grutte brân fan ôfrûne wykein. De galery is opset troch acht keunstners en siet noch mar krekt op De Kelders. Hoe grut oft it skeabedrach krekt is, is noch net dúdlik. De keunstners kinne it gebou noch net yn fanwege ynstoartingsgefaar. Se draaie sels op foar de skea, omdat se net fersekere binne.

Neist it finansjeel ferlies binne de keunstners ek rekke omdat se in soad tiid en leafde stutsen hawwe yn harren wurk yn de galery.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)