Pink Floyd Project yn Ljouwert
It Pink Floyd Project jout it earste grutte konsert fan dit jier yn Ljouwert op it Aldehoustertsjerkhôf. Dat sil wêze op 6 april. By it konsert stiet it live-album PULSE sintraal.
De band makket dizze kear ek gebrûk fan in bernekoar. Dat koar wurdt foarme troch bern út de groepen 6 en 7 fan in basisskoalle út Ljouwert. Om hokker skoalle it giet, is noch net bekend.