'Minder risiko op grûn'

24 okt 2013 - 21:35

Gemeente Hearrenfean wol yn de takomst folle minder risiko's nimme mei de oankeap fan grûn. Troch better te lústerjen nei wat de merk wol, hopet de gemeente sels inkele miljoenen dy't yn de ôfrûne jierren ôfboekt wurde moasten, werom te winnen.

Hearrenfean hat op it stuit hûnderten bunder grûn yn eigendom dêr't noch altyd gjin bestimming foar is. Dy grûn is yn it ferline oankocht yn de hope dat it binnen in pear jier ferkocht wurde koe oan merkpartijen of projektûntwikkelders. Troch de ekonomyske krisis is dat net slagge.

It kolleezje fan B&W wol de riskio's beheine troch ûnder oare minder grutte projekten op te setten, mear gearwurking mei merkpartijen te sykjen en de merk temjitte te kommen mei oanpaste regels.

Trefwurden: 
Hearrenfean grûnbelied
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)