'Operaasje djoerder as tocht'

© Omrop Fryslân
Nederlanners hawwe gjin idee hoe djoer operaasjes binne. Dat docht bliken út ûndersyk fan De Friesland Zorgverzekeraar ûnder goed tûzen Nederlanners. Fan de tsien persoanen tinke acht dat de kosten fan bygelyks in heupoperaasje leger binne as yn wurklikheid. Se gean út fan 6000 of 13.000 euro, wylst de kosten mei 22.000 euro heger lizze.
Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat 64 persint fan de enketearden fan betinken is dat komasûpers dy't yn it sikehûs bedarje, sels foar de kosten opdraaie moatte.
Goed fjouwer op de tsien is fan betinken dat minsken dy't troch smoken yn it sikehûs opnaam wurde moatte, de behannelkosten sels betelje moatte. Foar 63 persint fan de Nederlanners is in hegere basispreemje ûnbesprekber. Hast de helte wit net dat de soarchfersekerder de hichte fan de soarchpreemje bepaalt.