Spilers bliuwe by de Flyers

© Omrop Fryslân
De bûtenlânske spilers fan de Friesland Flyers kinne oant de ein fan it seizoen by de klup bliuwe. Ferline wike waard bekend dat de Flyers de leanen en húsfestingskosten fan de bûtenlânske spilers net mear betelje koe. Joey Sides giet dêrom werom nei Denver. De oare fjouwer Jason en Jamie Visser, Marcus Pryde en Yan Turcotte hawwe mei de supporters mei aksjes safolle jild by elkoar helle, dat se oant ein maart bliuwe kinne.
Foar takom seizoen ferwachtet it bestjoer dat der nije sponsors fûn wurde om fierder te kinnen.
Friesland Flyers begjint woansdei yn de kampioenspûl tsjin HYS Den Haach en freed moatte se tsjin Tilburg. Sûnder de bûtenlânske spilers hie dat hast in kânsleaze missy wurden.