Appartemint foldie oan easken

It appartemint fan de 24-jierrige studint Idsart Otte dy't omkaam by de brân oan De Kelders, foldie oan alle brâneasken. Dat makke brânwachtkommandant George Kuntz tongersdeitemiddei bekend op de parsekonferinsje. It appartemint fan Otte wie gjin studintewente, mar in selsstannige wenienheid. Dêrfoar jilde gjin spesjale fergunnings foar brânfeiligens, sa't dy foar studintewenten wol jilde.
By in gewoan appartemint is der allinnich kontrôle by de oplevering en nei in grutte ferbouwing.
De gemeente ûndersiket noch oft er sûnt it ferstrekken fan de fergunnings noch ferbouwings west hawwe dy't net meld binne.