Stimme oer mailadres op .frl

30 jan 2012 - 20:08

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol witte oft Friezen goed twa miljoen euro útjaan wolle om .frl achter email- of ynternet-adres sette te kinnen. De measte adressen einigje op .nl of .com. Doel fan .frl is om Fryslân noch bekender te meitsjen.

Ynkoarten komt it ûnderwerp oan de oarder yn de steatekommisje. Om ta in stânpunt te kommen, ropt de ChristenUnie minsken op om op de webside fan de partij te setten wat se fan it idee fine.

De miening fan de minsken dy't stimme wurdt meinommen yn de beslútfoarming. Der hawwe oant no ta fjirtich minsken harren stim útbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)