Fertochte by brân Ljouwert

Foar de grutte brân fan ôfrûne wykein oan De Kelders yn Ljouwert is in 38-jierrige man heard. Dat hawwe de offisjele ynstânsjes tongersdei meidield op een parsekonferinsje. It giet om in meiwurker fan de winkel dêr't de brân ûntstien is. De fertochte wurdt gjin skuld, mar fersom ta lêste lein. Dat soe kinne as der sprake is fan it ûnkundich oansluten fan in gasflesse op in gaskachel of as de plysje of de brânwacht te let warskôge wurde.
By de brân kaam in 24-jierrige student om it libben. In fiiftal winkels en alve apparteminten waarden troffen troch de brân yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert.