Parsekonferinsje oer brân live
Omrop Fryslân stjoert de parsekonferinsje fan tongersdeitemiddei 15.30 oere oer de grutte brân yn Ljouwert live út op radio, tillevyzje en www.omroplive.nl. It Iepenbier Ministearje, plysje, brânwacht en gemeente meitsje dan mear nijs bekend oer de grutte brân. Foar de parsekonferinsje wurde de bewenners en winkeleigeners yn it troffen gebiet bypraat yn in besletten gearkomste.