'Gjin útwreiding wrâlderfguod'

24 okt 2013 - 11:45

It Woudagemaal op De Lemmer en de Waadsee bliuwe foarearst de iennichste Fryske saken op de Wrâlderfguodlist fan de Unesco. Nederlân hat mei-inoar njoggen saken op de list te stean. It Planetarium yn Frjenstjer stiet op in foarriedige list. Hylpen en de Alvestêdetocht wolle dêr ek graach op, mar dat kin neffens de Stichting Werelderfgoed noch hiel lang duorje.

By it Woudagemaal stiet no tydlik in giel rút fan National Geographic. Minsken kinne in foto meitsje mei rút en omjouwing en dêr in reis nei Kurasao mei winne.

It Woudagemaal út 1920 is it âldste noch wurkjende stoomgemaal fan de wrâld. It gemaal wurdt faak yn fakânsjes ûnder stoom brocht foar promoasje en ek om de meiwurkers bysteat te stellen it gemaal te ûnderhâlden. Tongersdei wie de lêste dei fan de 'fakânsje-ûnder-stoomstelling'. Dêr kamen in soad besikers op ôf. Dochs waard noch promo-aksje hâlden tegearre mei National Geographic om it gemaal ûnder de oandacht te bringen. Harry Brinkman fan de Stichting Werelderfgoed Nederlân wie dêr ek by oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)