Drone ynspektearret brângebou

24 okt 2013 - 11:12

De plysje hat út de loft wei de ôfbaarnde gebouwen oan De Kelders yn Ljouwert ynspektearre. In ûnbemanne fleantúchje mei kamera hong tongersdeitemoarn boppe de gebouwen. By de grutte brân fan ôfrûne wykein yn de Ljouwerter binnenstêd kaam in 24-jierrige studint om it libben. It Iepenbier Minstearje, plysje, brânwacht en gemeente jouwe tongersdeitemiddei om 15.30 oere in parsekonferinsje oer de brân.

Fan de twa swierst troffen gebouwen stean inkeld de bûtenmuorren oerein. Alle ferdjippings binne útbaard. De muorren wurde skoarre.

Trefwurden: 
kelder drone brân Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)