Dreech jier foar Nyck de Vries

23 okt 2013 - 22:21

It wie in dreech jier foar autocoureur Nyck de Vries fan Snits. It racetalint fan McLaren hie in tige drege start. De resultaten wiene net nei ferwachting en De Vries hat yn de simmer sels in skoftke it racelibben los litte moatten.

Ofrûne wykein wie er lykwols wer hielendal werom en koe er noch wat fan de skea ynhelje. Yn Spanje waard De Vries ien kear earste en ien kear twadde yn de Formule Renault 2.0 Eurocup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)