Sukses foar hannelsmissy Sina

23 okt 2013 - 22:18

De Fryske delegaasje dy't op dit stuit op hannelsmissy yn Sina is docht goede saken. Sa hat it bedriuw Ekwadraat út Ljouwert in opsje op kontrakten dy't har in lytse miljoen euro opsmite kinne. Douwe Faber fan Ekwadraat is der wis fan dat de kontrakten takom jier fersulvere wurde sille.

Under oare de Ljouwerter hegeskoallen en ferskate Fryske bedriuwen binne mei nei de regio Chengdu om nije kontakten te lizzen en om besteande kontakten út te wreidzjen.

De NHL Hegeskoalle, Stenden University en Van Hall Larenstein dogge goede saken yn Sina. De Ljouwerter hegeskoallen binne mei in tsiental Fryske bedriuwen nei it Aziatyske lân ôfreizge foar in hannelsmissy. Foar de skoallen is it benammen wichtich om gearwurkingsferbannen op te setten. Sina is in hieltyd gruttere spiler op de ynternasjonale merk. De skoallen fine it wichtich foar de studinten om te witten hoe't de Sineeske konkurrinten dalik wurkje

Trefwurden: 
Sina hannelsmisje Ekwadraat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)