Aksje foar behâld wetterhûn

30 jan 2012 - 18:14

De aksjegroep Behâld fan de Wetterhûn sil woansdei op it Binnenhôf yn Den Haach in proklamaasje foarlêze oer de wetterhûn. Se wolle dat steatssekretaris Bleker him ynset om it plan foar it krusen fan de wetterhûn mei seis oare rassen te kearen.

De feriening fan stabij- en wetterhûnen wol de wetterhûn kruse mei oare rassen om de sûnens fan it ras op peil te bringen. De aksjegroep fynt dat net de goede oplossing foar it probleem, dat neffens har ek folle lytser is as de feriening beweart.

De feriening hat it probleem neffens de aksjegroep ek net goed genôch ûndersocht.

Trefwurden: 
wetterhûn krusen Binnenhôf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)