Poalen pakt foar helen guod

23 okt 2013 - 17:11
Plysje-embleem - Foto: ANP

Twa Poalen fan 25 en 38 jier dy't op 'e Lemmer wenje, binne woansdei oanhâlden foar it helen fan trettjin fytsen en in bromfyts. De plysje fûn it stellen guod yn in hûs oan de Galjoot op 'e Lemmer nei in anonime tip. De twa manlju wiene yn it hûs doe't de plysje binnen foel. Se sitte noch fêst.

Trefwurden: 
plysje De Lemmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)