Gemeente: nijbou op plak brân

23 okt 2013 - 16:33

Op it plak fan de brân moatte twa krekt sokke grutte gebouwen werom komme. Dat wurdt de ynset fan de gemeente Ljouwert. De hoop is dat de twa njonkenlizzende gebouwen Op de Kelders bewarre bliuwe kinne fanwegen de histoaryske wearde derfan. By de brân is it bertehûs fan de wrâldferneamde spionne Mata Hari, oftewol Margaretha Zelle, ferlern gien. Yn 2017 is it hûndert jier lyn dat se ekskekutearre is en dan soe it moai wêze as it hûs wer opboud is.

De gevels fan de ôfbaarnde gebouwen ha gjin grutte histoaryske wearde, wol wat der binnenyn siet en wat ûnder de grûn siet. By nijbou sil dan ek archeologysk ûndersyk dien wurde. Dan kin ek sjoen wurde nei de terp dêr't de huzen op steane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)