Undersyk brân noch geande

23 okt 2013 - 14:54

De brânwacht sil nei alle gedachten sels gjin ûndersyk dwaan nei it ferrin fan de grutte brân sneon yn Ljouwert. Yn de winkel dêr't it mooglik begûn is, is alles ferbaarnd. Dêrtroch is it neffens in wurdfierder fan de gemeente lestich om te ûndersykjen hoe't de brân ferrûn is. In wurdfierder fan de plysje kin net sizze oft de oarsaak dêrtroch net mear te achterheljen is. Der wurdt noch hieltyd op it plak fan de brân ûndersyk dien. By de brân kaam in 24-jierrige man om it libben. Fiif winkels en 11 apparteminten gienen yn flammen op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)