CBR hâldt Fryske eksamensintra

23 okt 2013 - 14:46

It CBR hat besletten om alle Fryske lokaasjes foar it ôflizzen fan teory- en rydeksamen iepen te hâlden. It CBR wol yn 2014 alle sintra foar teory-eksamens modernisearje en ferbouwe. By dy operaasje ferdwine yn hiel Nederlân tolve eksamenlokaasjes. Mar om de reisôfstân foar kandidaten net te grut wurde te litten bliuwe alle Fryske eksamenlokaasjes bestean.

Teory-eksamen kin yn Fryslân allinnich yn Ljouwert ôflein wurde. Ofride foar it rydbewiis kin yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean en dat bliuwt sa.

It teory-eksamen wurdt yn de takomst wol oars. It eksamen wurdt no noch klassikaal ôfnommen foar in grut skerm. Yn de takomst wurdt it eksamen yndividueel ôfnommen achter in lyts byldskerm. Om fraude foar te kommen is it ôflizzen fan in teory-eksamen ek yn de takomst allinnich mooglik yn in offisjeel eksamensintrum fan it CBR. It modernisearjen fan de eksamensintra kostet it CBR mei-inoar sa'n 9 miljoen euro.

Trefwurden: 
rydeksamen CBR teory-eksamen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)