Potfisk Harns kostet heale ton

23 okt 2013 - 12:56

B. en w. fan Harns ha besletten om 55.000 euro út te lûken foar it preparearen fan de potfisk, dy't yn july oanspielde op Skylge. It kolleezje wol de potfisk yn de takomst útstalle yn de Willemshaven en der in toeristyske attraksje fan meitsje.

De gemeenteried fan Harns moat hjir noch oer prate. De ried stipet it plan om de potfisk út te stallen, mar ferskate politike partijen ha wol muoite mei de proseduere, dy't b. en w. dy folgje. De grutte útjefte soe eins earst yn de ried bepraat wurde moatte, fine ûnder oare VVD en Harlinger Belang.

Trefwurden: 
Harns potfisk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)