Twa KTM-motors stellen
By in bedriuw oan de Jade yn Drachten binne snein twa motors stellen. It giet om oranje KTM-motors. Beide motors hawwe in wedstriidnûmer, 94 en 222, mar gjin kenteken. It binne replika's fan de crossmotors wêrmei't KTM wrâldkampioen wurden is. De motors kostje in 10.000 euro it stik.
In 41-jierrige man út Broeksterwâld hat oanjefte dien.