Nije byienkomst dupearren brân

23 okt 2013 - 12:01

De gemeente Ljouwert organisearret freed op 'e nij in gearkomste foar alle dupearren fan de brân oan de Kelders ôfrûne sneon. Yn de gearkomste wurde se bypraat oer de stân fan saken. De gemeente praat mei in oannimmer om it gebou oan de Kelders 29 te skoarjen. It giet om it gebou dêr't de brân útbruts en it gebou dêrnjonken. De gebouwen moatte skoarre wurde, omdat oars de plysje net goed fierder kin mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. It ynstoartingsgefaar is te grut om it gebou yn te gean.

De petearen mei tsjûgen fan de brân leveret de plysje neiere ynformaasje op, seit wurdfierder Ernest Zinsmeyer. De plysje docht gjin meidielings oer dy ynformaasje. Guon sizze dat de brânwacht ynearsten yn it ferkearde gebou socht hawwe soe nei de letter ferstoarne Idsart Otte.

Trefwurden: 
Ljouwert brân dupearren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)