Auto's en rydbewiis ynnommen

30 jan 2012 - 10:19

De plysje hat ôfrûne nacht twa auto's en in rydbewiis yn beslach naam. In 21-jierrige Ljouwerter is syn auto definityf kwyt om't er sûnder rydbewiis ried. De dôfhûdige man wie hjir al 4 kear earder foar bekeurd en hie syn auto ek alris tydlik ynlevere.

In 33-jierrige man út Twizelerheide koe syn auto ynleverje om't er mei drank op, mar sûnder rydbewiis achter it stjoer siet. Hy wie ferline wike ek al oppakt foar it riden mei drank op.

In 38-jierrige automobilist út Snits koe syn rydbewiis ynleverje nei't er op de A7 by Boarnsweach mei 173 kilometer lâns in snelheidskontrôle ried.

Trefwurden: 
rydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)