Ynbraken rûnom yn Fryslân

30 jan 2012 - 09:58

Dit wykein is op acht plakken rûnom yn Fryslân ynbrutsen. By in sportferiening yn Blesdike is de kassa stellen. Dêrneist is yn huzen yn Harns, Ljouwert, Goutum en Muntsjesyl ynbrutsen. De bút bestie út sieraden, laptops en jild.

Ut in winkel oan it Súdvliet yn Ljouwert is sneintenacht jild stellen. In 35-jierrige meiwurkster fan in bedriuw oan de Tunen yn Frjentsjer seach sneintemoarn dat ynbrutsen wie. In jildkistje lei leech op de grûn.

Trefwurden: 
ynbraken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)