Seizoen Lieuwe Westra begûn

© awfoto.nl
Lieuwe Westra is it nije hurdfytsseizoen begûn mei in 15e plak yn de GP La Marseillaise. Yn Frankryk siet Westra yn de finale yn in kopgroep fan sa'n fyftjin man. Hy luts de sprint oan foar syn ploechmaat Marco Marcato, dy't it krekt net ôfmeitsje koe. Marcato waard twadde achter Samuel Dumoulin. Westra begjint woansdei oan de Ster fan Besseges, in wedstriid mei fiif etappes en in tiidrit.