Sieraden bút yn Dolsterhuzen

23 okt 2013 - 11:51

Yn Dolsterhuzen is tiisdeitejûn yn twa huzen oan de Marwei en de Kampen ynbrutsen. Dat wie tusken 19.00 en 23.00 oere. Ynbrekkers ha in rút stikken makke en út beide huzen sieraden stellen. De plysje warskôget yn de tsjustere moannen om ekstra wach te wêzen op dieven en docht sels ek mear oan surveillânse.

Trefwurden: 
plysje stellerij Dolsterhuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)