Nij wrâldrekôr Jing Yu

De Sinese Jing Yu hat op de twadde dei fan it WK sprint yn Calgary in nij wrâldrekôr op de 500 meter riden. Se helle 0.06 fan de toptiid fan Jenny Wolf ôf en kaam út op 36.94. De Nederlânske froulju diene it oer it generaal minder as op sneon. Allinne Thijsje Oenema wie rapper, sneon 38.09, no 37.88, goed foar it njoggende plak. Annette Gerritsen waard fjirde yn 37.75, Margot Boer sechsde yn 37.83 en Marrit Leenstra 16e yn 38.29. Letter op de jûn folget de beslissende 1000 meter.