Iepenloft siket figuranten

29 jan 2012 - 17:37

It Iepenloftspul Dronryp siket figuranten. Dit jier wurdt it stik Ut 'e loft spile. It is basearre op it wier barde ferhaal fan in man dy't sûnder papieren op in fleanfjild oankomt. Hy wennet in jier lang op dat fleanfjild. It ferhaal is ferskate kearen ferfilme. De repetysjes binne al begûn. Foar de drokte op it fleanfjild binne figuranten nedich foar rollen fan fakânsjegongers, sakelju, skjinmakkers, blommeferkeapers, stewardessen en swalkers. Elkenien kin meidwaan. De repetysjes foar de figuranten begjinne yn maart.

Yn febrewaris is in byienkomst foar alle figuranten. Minsken kinne har foar 12 febrewaris opjaan fia www.iepenloftspuldronryp.nl of maile nei info@iepenloftspuldronryp.nl. De premjêre is woansdei 13 juny 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)