Winst foar Snits Wyt Swart

29 jan 2012 - 16:27

Snits Wyt Swart hat de goeie searje fan foar de winterstop sneintemiddei trochlutsen mei in 2-0 oerwinning op NEC. Mei twa doelpunten is Freerk de Jong útroppen ta 'man of the match'. Yn de 29e minút sette er de Snitsers nei in goed útspile oanfal op in fertsjinne 1-0 foarsprong. Ek yn de twadde helte hie De Jong it fizier op skerp en skeat er yn de 54e minút syn ploech nei de 2-0 oerwinning.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)