Mei drank op sleat ynriden

29 jan 2012 - 15:13

In bestjoerder (21) út Boarnburgum is sneon oan de Dykfinne in sleat ynriden. It die bliken dat er dronken hie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje. In Feanster moast in bloedproef ûndergean nei't er mei de skooter slingerjend tsjin it ferkear ynried yn de Zonnebloemstrjitte. In man (21) út Gerkeskleaster krige in proses-ferbaal om't er by Mitselwier in stopteken negearde en sûnder rydbewiis ried.

Trefwurden: 
plysje drank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)